Centennial Memorial Match

Betinkingswedstriid 100 jier ynternasjonaal rugby yn Nederlân

Op sneon, de 5e novimber dit jier sil der wat aparts barre. Dan wurdt der betocht, dat 100 jier earder, yn Ljouwert in rugbywedstriid spile waard tusken Ingelske en Skotse militairen dy’t yn Grins ynternearre wienen yn in kamp.

Bûten Nederlân wienen hast alle lannen mei inoar ferwikkele yn de eartse Wrâldkriich. Nederlân woe hjir net yn behelle wurde en hâlde dêrom bûtenlânske striders dy’t hjir belânnen fêst. Dizze mannen fielden harre útskeaakele, omdnat sy har kollega’s en maten net helpe koenen. No soenen we sizze, sy baalden fan alles.
Har ofsieren besochten op allerhande wizen de moed der yn te hâlden, foar in grut part mei sport.

Sa kaam der dus op dy 5e novimber 1916 dit earste “ynterland” rugby treffen yn Nederlân, tusken spilers út it kamp Timbertown (it Ingelske Kamp) by Grins hjir ta stân. De spilers wienen allegearre mannen fan de Royal Naval Brigade, ûnder lieding fan Commodore Wilfred Henderson.

Rugby wie hjir in hast ûnbekende sport, mar der wie goed belangstellend publyk lâns de linen.
It spektakel fan dy novimberdei levere sels in wiere persfoto op.
Ta eare fan dy kollega’s fan 100 jier lyn sille no twa teams út de British Royal Navy Rugby Union op 5 noviber 2016 op it kompleks fan Rugbyklub Greate Pier te Ljouwert in kompetysje wedstriid spylje, ek wer de earste kompetysjewedstriid fan de Union op Nederlânske grûn, ja sels op it Jeropeeske Kontinent.

Op 3 novimder bin der by it Hystoarysk Sintrum Ljouwert in lêzingen oer sport yn dat tiidrek.
Op 4 novimber komt it Rugby Educates Team op in skoalle om te praten oer RESPEKT en de ynfloed fan de sportteams fan Timbertown op de sport hjir. Middeis wurde de spilers offisjeel ûntfongen en jûns is der in resepsje.
Op 5 novimber dus de wedstriid by Rugbyklub Grutte Pier werfan de kick-off om 2 oere is. Nei tiid wurdt de priis útrikt.
Op snein 6 novimber giet men nei Grins om op de tinkstien fan it kamp in krâns te lizzen.

ORGANISATION

PARTNERS

 

ENDORSED BY